Oskied fan in tiidrek

Mea Stelma-Falkena nimt nei mear as 30 jier ofskied fan it koar Hjerstmeldy.

Wy betankje  Mea foar al dy fijne sjongmiddeis en hoopje dat hja noch lang genietsje mei fan har frije tiid. As oantinken krige se in moaie musyksleutel fan glês.

It is net samar in koar. “De leden misse nea” seit Mea. Dat jout wol oan hoe wichtich it koar is. 

Sjongen stiet fansels foarop, mar gesellichheid en kontakt binne ek belangryk. We binne tige bliid dat Jelly Meijer út de Jouwer, it stokje oernimme wol. Jelly hat konservatoarium dien, begeliedt ferskate koaren en is musykdosinte.

Hjerstmeldy is yn 1968 oprjochte yn gearwurking mei de Unie van Vrijwilligers. Men hat in oantal kearen meidien oan it VARA concours en yn Gorssel mocht it koar sels in kear de twadde priis ûntfange.

Tiden hawwe tiden, we geane fierder ûnder de namme ‘Sjongnocht’.  Manlju en froulju dy’t ek graach meisjonge wolle, binne wolkom op moandeitemiddei yn de meniste tsjerke fan 14:30 oant 16:00 oere.