Ferfier deisintrum

Ferfier deisintrum

Frijwilligers fan UVV Grou helje en bringe de kliïnten foar it deisintrum yn Friesma State. Op moandei en tongersdei wurde moarns fan 9.00 oere ôf de kliïnten ophelle en middeis fan 16.00 oere ôf wer nei hûs brocht. 

Ferfier mei de bus fanút Friesma State wurdt dien troch twa frijwilligers. De iene rydt de bus en de oare begeliedt. De kliïnten wurde fan hûs ophelle, wurde holpen om yn de bus te kommen, de rollator moat mei, ensfh. 

Underweis wurdt der gesellich in praatsje makke.

Wêr: Friesma State
Wannear:  Moandei en tongersdeitemoarn om 9.00 oere ophelje en om 16.00 oere nei hûs bringe


Koördinator

Foto fan Tineke Meter

Tineke Meter