Wês donateur

Wês donateur

De UVV Grou wol, ek yn de takomst, frijwilligers stypje, opliede, wurdearje en bystean dêr’t dat nedich is.

Troch de ynset fan in protte frijwilligers kin de UVV Grou ynsette foar minsken dy't troch sykte, beheining, âlderdom of iensumens yn in kwetsbere posysje sitte.

Stypje

UVV Grou hat likernôch 550 donateurs. De donateurs krije alle jierren it jierferslach. Wolle jo ek donateur wurde, dan kin dat fan € 3,00 yn it jier ôf.

Foar mear ynformaasje kinne jo skilje mei de ponghâlder Minke Smeding, tel. 0566-621416. Jo kinne ek e-post nei uvv.grou@gmail.com

Hasto ek in waarm hert foar frijwilligerswurk? Lit ús witte. Wy nimme graach kontakt mei jo op.