
Mei ús Grou Mobyl, eveneminten en aktiviteiten drage wy by oan it wolwêzen fan 55-plussers yn Grou
Mei gemiddeld 100 entûsjaste frijwilligers wolle wy bydrage oan it wolwêzen fan 55+ Grousters. Neist ús reguliere tsjinsten en aktiviteiten organisearje wy eveneminten - mei of sûnder oare Grouster organisaasjes - lykas in Sint Pitermiddei, teaterfoarstellings, in krystmiddei. Wy hâlde ús aginda by de tiid.
Nim de tiid om te sjen wat wy foar jo kinne dwaan of wat jo foar ús dwaan wolle.
'UVV Grou-meiwurkers binne entûsjaste froulju en manlju dy't graach wat betsjutte foar oaren, dy't graach gearwurkje en sa har libben ferrykje mei in grutte kontaktenkring. It is wurk dat foldwaning jout.'