Duofytse

Lekker efkes bûtendoar en gesellich in praatsje meitsje

Foar ús 75 - jierrich jubileum (2020) hawwe wy in nije duofyts skonken oan de ynwenners fan Grou. De duofyts stiet yn Friesma State en kin brûkt wurde troch elkenien yn Grou.

Wolle jo graach in kear fytse, mar kinne jo dit net sels, dan kinne jo gebrûk meitsje fan dizze fyts. Dit kin mei in frijwilliger of mei in neiste fan josels. Foarôfgeand krije jo ynstruksjes oer it gebrûk.

De Fun2 Go is in duofyts wêrby 't de bestjoerder en byrider neist elkoar sitte. De bestjoerder hat de mooglikheid om te stjoeren en te remjen, de byrider net. Wol kin de byrider meitraapje. De draaibere stoel makket opstappen hiel ienfâldich.

Koördinator

Foto fan Tineke Meter

Tineke Meter

Wolle jo mear ynformaasje,
stjoer in mail nei info@uvvgrou.nl
as lit jo telefoannûmer efter by
Grou Mobyl!: 06-206 037 41.
Wy nimme dan kontakt mei jo op.