SDG Flaggeaksje yn Grou

Ein septimber binne der yn hiel Nederlân de SDG Aksjedagen. Yn dizze wike fan aksje litte minsken sjen hoe't se har ynsette foar de Sustainable Development Goals (SDG's), ek wol Global Goals neamd. Dit binne de 17 ûntwikkelingsdoelen dy't wrâldwiid fêststeld binne troch de FN mei as doel earmoede en ûngelikens te ferminderjen en positive klimaatferoarings te bringen. Troch de flagge fan SDG te heffen litte in protte gemeenten, bedriuwen, boargerorganisaasjes en skoallen sjen dat se diel útmeitsje fan dizze wrâldwide beweging foar in duorsume takomst.

Dizze flagge wurdt op 23 septimber om 10 oere yn Grou hyst by de Friesmastate. In inisjatyf fan UVV en Grou30 dat fan herte stipe wurdt troch Pleatslik Belang, Kringloop, Amaryllis, PKN Grou en Friesmastate. Al dy organisaasjes set har yn om net allinnich Grou mar ek de wrâld in stik sterker te meitsjen. Tegearre berikke wy mear as allinnich. Dat is de reden dat wy dizze sneontemoarn allegear de flagge fan SDG hysje. 

De gemeente Ljouwert fiert Flaggedei mei in duorsume merk en de oankundiging fan SDG-helden fan 12 oere ôf yn it gemeentehûs, ek op dizze sneon. Snein organisearret Grou2030 (foar de tredde kear) de iten merk Moai en lokaal! by Bouma pleats benoarden Grou. Dêr sil ek de kleurrike flagge Global Goals wapperje.

De SDG-doelen bliuwe it hiele jier sichtber yn de Doarpskeamer. In grut doek bedrukt mei dizze duorsume doelen hat hjir koartlyn oan 'e muorre hong mar dan wol yn it Frysk. Troch de SDG's yn ús aktiviteiten sichtber te meitsjen wolle wy minsken bewust meitsje dat ynset foar elkoar en foar jo doarp ek bydraacht oan de wrâlddoelen. En dat kin grif ek leuk en noflik wêze.

Mear ynformaasje oer dizze mienskiplike aksje is te finen op

Lenie Braks: 06 23 09 99 71
Joke de Vries: 06 19865261

Ynformaasje oer de Doelen foar Duorsume Untwikkeling is te finen op: www.sdgnetwurk.frl.