Sint Piter 2022

Op de dei fan syn jierdei ha Sint Piter mei syn maat Aldemar op besite west yn Roorda State en De Boldert. By Roorda State songen de ynwenners ûnder lieding fan Simon Odinga op it heechste nivo.

Yn De Boldert koene Sint Piter en Aldemar de ferlieding om shuffleboarden te spyljen net tsjinhâlde. In aktiviteit dy't tradisjoneel by it Sint Piterfeest heart. Der wie op beide lokaasjes waarme sûkelade en de peperkoeken wiene ek oanwêzich.