Noflike krystmiddei 2019

Op tongersdei 19 desimber organisearre UVV yn gearwurking mei ferskate organisaasjes út Grou in krystmiddei yn Sint Piter.

Mei troch it moaie waar kamen sa'n 70 minsken foar de middei, tegearre sjonge en moetsje wie it doel fan dizze middei. Se waarden traktearre op optredens fan it UVV-koar Hjerstmeldij, in ferhaal fan Sybren Boonstra, gedichten fan Trees Mulder en Jeltsje de Boer.

Anouk, 11 jier en de jongste frijwilliger fan Friesma State, song tegearre mei har freondinne Fenna in prachtich krystliet.

Eelke Pander begeliede it koar en it sjongen op piano en oargel.

Yn de pauze wie der lekker en nei ôfrin wie der waarme sûkelade foar wa’t dat woe. De oanwêzigen krigen ek in moai kado mei nei hûs.
Al mei al in tige slagge middei en ien dy't grif werhelle wurde sil.