Nasjonale Dei foar âlderein 2019

Op freed 4 oktober hawwe UVV, Doarpsteam, PKN, Seniorenbond en Pleatslik Belang de Nasjonale Alderedei fierd. Lokaasje wie MFC Friesma State yn Grou. Der wie in ynformaasjemerk fan Grouster organisaasjes en wa’t woe koe in winsk yn in winskbeam hingje. It wie in noflike middei mei in hapke en in drankje mei muzikale begelieding fan sjonger Krijn en de harmonikaklup Oostergoo. Martijn van Wallinga fan GGZ Friesland sette tegearre mei learlingen fan it CIOS de oanwêzigen yn beweging. Alle besikers krigen by fertrek in kado fan Handwerkcafé Grou.