50 jier frijwilliger by UVV Grou

Hjoed 20 augustus 2019 naam Sippie Castelein ôfskie as frijwilliger by de UVV Grou.

Hielendal yn har styl fan 'mar mar gewoan en gjin drodrode' woe se inkeld in ynformeel ôfskie. Ek gjin blommen of kado's. Se woe it jild dêrfoar skinke oan de kampanje foar in rolstoelbus foar Suze. (Sjoch facebookside 'Dit is Suze', https://www.facebook.com/SuzeLise/)

Fansels waard it bysûndere ôfskied betocht. 50 jier is net neat.

Sippie hat binnen Friesmahiem in protte ferskillende taken dien, lykas boeken ruilje yn de bibleteek, gastfrou wêze foar aktiviteiten, ferfier nei it sikehûs, ensfh. De lêste jierren hat Sippie aktyf west by Friesma State yn aktiviteiten lykas 'ferhúzje nei muzyk', sjongen en bingo.

Der wie tegearre mei de frijwilligers fan de aktiviteiten, aktiviteitebegelieder Anja Westra fan Friesma State en it bestjoer fan de UVV in noflike kofjemoarn. As ferrassing foar Sippie kaam Suze tegearre mei har mem, suster en beppe. Sippie koe it moaie bedrach fan € 225 (skinken troch Friesma State, frijwilligers fan de aktiviteiten en it UVV-bestjoer) no direkt oerjaan oan Suze en famylje. Dêr wiene se tige bliid mei.

As tank hiene Suze en har beppe foar Sippie in moaie muorreplaat makke.

Suze mei de kontrôle en muorre plaat