Ofskiedslieder seniorgymnastyk UVV Grou

De lêste les fan it senioaren turnseizoen 'Nut en Nocht' wie op 22 maaie en ek de lêste les fan ús lieder Iteke de Groot. Se hat mear dan 16 jier les jûn mei grutte entûsjasme en ynset. Leden en âld-leden kamen fannemoarn om de lêste les by te wenjen en/of ôfskie te nimmen.

De lêste les fan it seizoen wie fan âlds in spulsirkwy mei ûnder oare skoffelboerd, bowlen, fisk fange en spreuken opskriuwe. Lichaam en harsens waarden op in ûntspannen wize traind. En foar de fanatyk waarden de skoares hâlden en dêrnei neamd. Nei de les wie der in gesellige gearkomst mei kofje en oranjekoeke en wie it tiid om ôfskie te nimmen fan Iteke.

Gymlessen begjinne wer mei in nije lieder op woansdei 11 septimber as
Nije leden kinne noch meidwaan en jo binne dêrom fan herte wolkom om efkes te sjen of in proefles te folgjen. Dielnimmers fiere de oefeningen neffens eigen fermogen út, sadat de lessen foar elk geskikt binne. De lessen binne op woansdeitemoarn fan 9.45 – 10.45 oere yn Sporthal De Twine. De kosten binne € 2,25 de les. De earste les is fergees en sûnder ferplichting. Der is in mooglikheid dat jo fan hûs ophelle wurde en nei de les nei hûs brocht wurde. Yn dat gefal wurdt de moarn € 1,00 oan de bestjoerder betelle.
Foar ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Wiepkje de Groot, telefoannûmer 0566 – 601515.