Dinner frijwilligers 2018

Op de Nasjonale Frijwilligersdei freed 7 desimber wie der wer in moai diner foar alle frijwilligers fan UVV Grou.

Troch de feroaringen yn restaurant Friesma State wie it de lêste kear dat kok Erik Jorritsma mei syn team foar in hearlik buffet fersoarge. Erik waard troch foarsitter Eke Schouwstra oerdroegen oan in kok achter syn kachel. Hy wie hjir tige bliid mei.