Jiergearkomste 2018

Woansdei 18 april is de jiergearkomste fan UVV Grou hâlden. De opkomst wie wat teloarstellend, wierskynlik troch it útsûnderlik moaie waar.

It saaklike diel wie fluch ôfmakke, der wiene gjin opmerkings.

 

Nei in lyts skoft krige de nije regiomanager Bert Renkema it wurd. Hy stelde him foar oan de frijwilligers en fertelde oer de fuortgong fan de renovaasje fan de eardere Talantfleugel. Oan de hân fan de tekening liet er sjen hoe't de wenkeamers en keamers fan de bewenners lizze. Der komme 2 wenkeamers mei elk 7 bewenners. De ynwenners fan Parkzicht ferhúzje hjir ein maaie.

Nei dizze dúdlike útlis slút de foarsitter de gearkomste.