UVV Aldenkoar 'Hjerst Meldij' bestiet 50 jier

Op 6 febrewaris 2018 fiert it âlderekoar 'Hjerst Meldij' har 50-jierrich bestean. It bestjoer fan UVV Grou woe dat net ûngemurken foarbygean litte en ferraste de leden op de repetysjemiddei op 5 febrewaris mei oranjekoeke. Oranjekoek

Elk lid krige ek in sertifikaat fan bestjoerslid Minke Smeding.
Dirigint Mea Stelma, dy't al 26 jier dirigint is, waard troch frou Kooiker yn it sintsje set mei in moai ferhaal en blommen.

It âlderekoar is op 6 febrewaris 1968 oprjochte troch de ôfdieling UVV Grou foar minsken fan 60 jier en âlder. It doel fan it koar wie en is om tegearre yn in koar te sjongen. It doetiidske bestjoer fan UVV Grou joech finansjele stipe, dat is troch de jierren noch it gefal. Dêrmei koe de bydrage leech hâlden wurde. Yn it begjin wie it 75 sinten.
It koar hat ferskate kearen meidien oan de VARA-wedstryd foar âldere koaren. Yn 1982 helle it koar, ûnder lieding fan de hear Hoitsma, de finale dy't op TV útstjoerd waard, wat resultearre yn in twadde priis. By in wedstriid yn Gorssel is ek in twadde priis wûn. It koar bestie doe út 40 leden.
Hjoed bestiet it koar 'Hjerst Meldij' noch út 19 leden. Elke moandeitemiddei wurdt der fan twaentritich oant fjouwer oere songen yn de doopsgezinde tsjerke. Mea Stelma-Falkena begeliedt it koar op piano en Fokje Mendel op tekentas.

Der wurde moaie Fryske en Nederlânske ferskes songen dy't it koarbestjoer en de dirigint útkieze. It koar jout ek optredens yn Friesma State en Leppehiem. Dit binne altyd noflike middeis.
Bist optein? Jo binne moandeitemiddei fan 3 oant 4 oere fan herte wolkom yn de Baptistentsjerke.