Tige, tige tank foar al it wurk wat’st do dien hast en mear as dat. Dyn enthousiasme foar alles en elkenien is in foarbyld foar ús allegearre. No lekker loslitte en genietsje. Wy sjogge dy graach werom by ien fan ús projekten.
Nei 7 jier ynset, werfan 2 jier as ponghâlder en 5 jier foar it sekretariaat fan de UVV, ha we ôfskied naam fan Tineke Meter. In funksje dy’t freget dat je beskikber binne foar de e-mail, foar de fragen dy’t stelt wurde, soargje dat alles op’e tiid klear is sa as de aginda’s foar gearkomsten, nijsbrieven, it jierferslach. De spil fan de organisaasje.
Dat hat se geweldich dien, se wist alles, elk detail, se wit troch har wurk by de post wat der spilet yn it doarp. Fan hûs út hat se it wurk fan de UVV mei krigen, it paste as in jas.
It sekretariaat is no yn hannen fan Joke de Vries. Wolkom Joke, in protte sukses.